Gedichten
In broed (broedsje) wurdt
in nêst mei fjouwer ljipaaien neamd.
Maitiid
Dream mar dichter,
dream mar,
mei de eagen ticht.
Út dyn pinne streamt in lânskip,
bont fan blommen.
Oan't yn'e wolken hearre dôve earen
it ljurkje sjongen.
Dream mar dichter,
dream mar,
mei de eagen ticht.
Fryslân baait yn Ingelsk raai.
Wat in keunstner kin dyn dream
mei bline eagen skilderje.
In fjouwerkant yn 't grien,
in tsjerketoer der boppe,
Sa ûnstiet in fiergesicht
tsjin wa wit in blaue loft.
Dream mar dichter,
dream mar,
mei de eagen ticht.
It fjild yn. Wikenlang.
Yn'e nacht
sjochtst broedsjes op 't behang
Oan't in moarn;
alle aaien fuoart.
Foksen frette de maaitiid op.
En a'st net wekker wurdst!
Dy der by!
Open tuin elk jaar in augustus