Hoe fielsty no, lied

Hoe fielsty no? Hoe fielsty no?

Hoe fielsty no?

Hjir mei my giet it wol goed!

 

In boer út Surch dat wie een wreden ien,

in kop noch hurder as in stien.

Mar doe't in bolle him op de hoarns naam,

dreau er yn de see by't Amelân.

Dit is gjin protestsong,

oer 't miljeu as tefolle dong.

net oer hongerlaapjend Afrika,

altyd te min, wêr wy tefolle fan ha.

 

Hoe fielsty no? Hoe fielsty no?

Hoe fielsty no?

Hjir mei my giet it wol goed!

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

'Hoe fielsty no' hat Heikie skreaun yn 2003. De foto is fan langer lyn. Mei de gitaar en 'mondharmonika' der by, hat Heikie jierrenlang muzyk makke. Earst spile er ek nûmers fan oaren (Dylan, Armand). Mar letter makke er syn eigen lieten yn't Frysk. As Fries song er ek yn't Grinslânsk, lieten fan Ede Staal, wêr Heikie grutte bewûndering foar hat!

Hoe fielsty no? (liet)

Seehûnen yn't waadrioel.

Dyn keamer is in bisteboel.

Dû spilest piano en falske fioel.

Dat ik gjin fegetariër bin,

is dy mar min nei't sin.

BSE yn'e kij, salmonella yn'e hin.

 

Hoe fielsty no? Hoe fielsty no?

Hoe fielsty no?

Hjir mei my giet it wol goed!

 

In filla yn Hurdegryp,

in kreaze fint, ek noch smoarryk.

Fiif jier troud al sân bern,

hast no dyn deunskens noch net ferlern.

'k Sit alline foar de radio,

it Hearrenfean tsjin Feyenoord.

In pilske, in stikje droege woarst.

In GOAL, it Hearrenfean stiet foar.

 

Hoe fielsty no? Hoe fielsty no?

Hoe fielsty no?

Hjir mei my giet it wol goed!

 

Lytse Sietse is in ûnferstân,

hy hat al alve froulju hân.

De ien nei de oare rûn by him wei,

mar mei tolfde begjint er wer op 'n nei.

Waatse Warber wurke dei en nacht,

it jild hie him al yn'e macht.

Dat hat er no dan by de rûs,

mei in ponge fol goud,

sit er yn it gekkehûs.

 

 

Open tuin elk jaar in augustus