Natoer Fûgellêzing

Natoer-Fûgellêzing

In fleurich praatsje en plaatsje oer flora en fauna, ús greidefûgels yn't bysûnder.

Nei oanlieding fan 't fyftichjierrich bestean fan de Fûgelwacht Stynsgea - Surhúzum e.o. hat Heikie Hoeksma, neist syn bekinde presintaasje oer túnkeunst, in nij programma makke oer flora en fauna. Berne oan de râne fan de Wiide Pet en grut brocht tusken fûgels en blommen, dêr't er saakkundich oer fertelle kin, stiet dizze lêzing boarch foar in geselliche jûn. Heikie Hoeksma komt út in aaisikerslaach. Eigen ûnderfining, noch wat oanfold troch de âlde garde, meitsje dit programma tige nijsgjirrich. Want der kin ek lake wurde om de anekdotes út 't fjild en deistich libben. Om't de ynlieder ek skriuwer en dichter is, rollet der sa no en dan in koartswilich ferske tusken troch. Koartsein in learsume lêzing oer fûgels, blommen en minsken, presentearre troch in fjildman út de praktyk.

Heikie en oomzegger Sipke Zijlstra zoeken naar nesten van weidevogels. Om te voorkomen, dat de legsels bij landwerkzaamheden verloren gaan, worden de vindplaatsen met bamboestokken gemarkeerd.

Zonder bescherming waren deze kievitseieren niet uitgekomen. Heikie zegt:"Hier doen we het voor!"

Tureluurkuikens in het nest, is voor ons een zeldzaam beeld. De eieren van deze kleinere weidevogel komen bijna tegelijk uit en vaak zijn de kuikens al binnen enkele uren met de ouders vertrokken

Open tuin elk jaar in augustus