Samar in wintermoarn

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Samar in wintermoarn

 

Sneintemoarn, kertier oer achten.

Snie hie’k tocht! net foarsein;

mar it leit der dochs!

Al wer farske spoaren

fan auto’s op ‘e dyk.

Gie buorman sa betiid al fuort?

Of kamen der guon

út ’e nacht werom?

 

Net oan tinke! Net nei freegje!

Opgean yn ’e stille wintermoarn…

 

Stiif steanne de beammen,

swijend it deade reid.

Frij fan stimmen of geraas

hear ik by elke stap allinne mysels.

En as ik earlik bin, hear ik

it kreakjen fan snie ûnder ‘e learzens

wol tûzen kear sa leaf

as’t helsk gestamp fan housemuzyk!

 

Net oan tinke! Net nei freegje!

Opgean yn ’e stille wintermoarn…

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De sinne komt op,

fier glinstert it lânskip yn’t winterljocht.

Djip it fjild yn,

mar ik bin de earste net.

Der leit al in balstien op it iis.

Fuotprinten der neist,

stappen grut en lyts.

Fan immen mei in bern miskien?

 

Net oan tinke! Net nei freegje!

Opgean yn ’e stille wintermoarn…

 

Oeral spoaren fan wyld.

Ik folgje de printen fan in foks.

Wêrom einliks?

Fryske genen fan ieuwenlyn miskien?

Inkel is it spoar,

dat ik sels yn’t lânskip efterlit.

Wêrom steanne dyn fuotprinten

der eins net by?

 

Net oan tinke! Net nei freegje!

Opgean yn ’e stille wintermoarn…

 

Heikie Hoeksma

 

 

 

 

Open tuin elk jaar in augustus