It âlderhûs

It âlderhûs (liet)      maaie, 2002


Ik ha allinnich noch in foto

fan ús heit en mem.

In foto út ferline

it âlderhûs ferlern.


De triennen yn myn eagen

dy’t hieltyd mar wer fregen:

wêrom-wêrom-wêrom

no ek ús mem?


Wiest altyd bûten warber

it túntsje wie dyn nocht,

dy hege kosmea’s

sa moai yn it ljocht.


De triennen yn myn eagen……




Gie ik troch it tsjuster,

’t wie ús mem dy’t neist my stie,

altyd tsjin my sei,

der komt in oare tiid.


De triennen yn myn eagen…..


Makke ik my soargen

oer de fûgels yn de natoer,

dan wiisde ús mem nei boppen

der is Ien dy’t Al bestjoert.


De triennen yn myn eagen,

dy’t hieltyd mar wer fregen:

wêrom-wêrom-wêrom

no ek ús mem?